U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Fjildûlen yn de Wiinzer Polder !!

 Dizze maitiid wiene der twa briedsellen fan de fjildûle.

Mei de ûndersteande foto’s besykje wy jimme sjen te litten

wat Jappie, Jan Veenstra, Johan, Albert, Douwe en ik belibbe hawwe.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Guon neisoargers hiene se al sjoen. De fjildûlen yn de WiinserPolder. De fraach wie fuortdaliks: soenen se ek briede?

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Jan Veenstra en Jappie fûnen op 20-maaie ûnder in BMP telling twa nêsten mei elk 4 jongen.

Dit nêst wie foarliker as it oare.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ien fan de twa  nêsten mei noch jongen fan krap twa wiken âld.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

By de earste loop troch it fjild om de jongen te sykjen fûnen wy noch ien yn it nêst. De oaren wiene al út it nêst wei rûn.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wy hiene it ringersark mei, dat dizze koe in ring om krije en is werom yn it nêst setten.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ien fan de âlders bleaun ús yn de gaten hâlden en de jongen hearre te litten harren del te jaan.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It falt net ta om sa’n ûltsje yn it lange gers te finen. Hja lizze hiel stil yn in kûltsje. It gers komt Albert oan de heupen ta.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Johan docht syn bêst om de ûlen te finen. Salang as hja hjir sitte kin de boer net meane.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De twadde syktocht mei fjouwer man oan’t sykjen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Johan fûn de earste.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

In ring om, gegevens opnimme en wer loslitte. En dan mar hoopje dat se letter fleanen gean, dan rêde se it wol.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Fan de grif 8 jongen hawwe wy der 6 in ring jaan kinnen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De kommende foto’s jouwe in yndruk fan it ringjen. Dizze kriget in ring om.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hjir mjitte wy de snafffel.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De flerk mjitte.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Neidat wy it gewicht metten hawwe is dizze klear en kin los litten.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Sa’n moai ûle protsje yn de hannen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Jong mei ring om.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Mei sa'n grutte flerk kinne se al in eintsje fleane, hawwe wy sjoen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dit jong sil sa’n 5 wiken wêze.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ien fan de jongen yn de loft, dizze hat it rêden. Der binne yn elk gefal fjouwer flean flugge jongen byinoar sjoen, der skine noch altyd fjildûlen om te fleanen.

 

Yn ferbân mei it net ferbaljen fan de nêstlokaasjes hawwe wy wat langer wachte mei it bringen fan dit bysûndere fûgelnijs.

Mei tank oan boer Meindertsma foar it wachtsjen mei meanen, Staats Bos Behear foar de tastimming om te ringen, Jappie Seinstra foar it meitsjen fan de foto’s en de alle ûle fangers foar it helpen om se op te sykjen.

 Tekst: Pyt fan de Polder

 Natuurfotografie door Jappie Seinstra      

 

 

Ringonderzoek.

Onze vogelwacht is direct betrokken bij het ringen van vogels. Dit geldt voor zowel uilen en roofvogels als voor zangvogels. Voor wat betreft de zangvogels zijn een aantal leden aangesloten bij de Ringgroep Bergumermeer. Deze groep van ringers is actief op een vaste locatie bij de Centrale in Noard Burgum. (Zie ook de link welke naar de site verwijst.

 

De broedresultaten van uilen en roofvogels in de omgeving van Trynwâlden en Damwoude worden gevolgd d.m.v. het inventariseren en ringen van de nestjongen op basis van een eigen ringvergunning. Dit houdt in dat alle ringen moeten worden aangeschaft door de ringer en alle administratieve afhandelingen van het ringproces door de ringer worden afgewikkeld. Via de site Griel heeft de ringer toegang tot een databestand waarin alles wordt geregistreerd. Deze site is ook toegankelijk voor iedereen die een vogel ( dood of levend ) met een ring vindt om het ringnummer in te voeren en op deze wijze een melding te doen.

De ringer kan deze melding weer terug zien in zijn ingevoerde gegevens van het databestand.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Velduil bij Wiins

 

 

 

Torenvalk met kleurring

 

 Het onderzoek van de Torenvalk valt onder een RAS project van de Ringgroep Bergumermeer. Naast de aluminium ring krijgt de vogel noch een kleur-ring met een witte lettercombinatie. Deze combinatie is gemakkelijk af te lezen met een telescoop.

In dit onderzoek wordt het volwassen vrouwtje gevolgd tijdens haar migratie tussen de nestkasten en haar overleving kansen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Op dizze foto is op de reade kleurring de koade PNN te sjen. Dizze reade wikel is ringe op 22-06-2013 by

Peassens.  De foto is makke op 26-02-2016 by de Anjumer Kolken. Dit is in moaie melding foar it RAS projekt.