U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 Oandacht foar de greidefûgels; it helpt !

 

 

Oankundiging fan Vogelwachtbescherming Nederland  yn gearwurking
mei de feriening Noardlike Fryske Wâlden.

 


Yn alle rêst wurde de tariedings dien foar de ûntfangst fan sa’n 14 minsken mei belanstelling foar greidefûgelbehear yn it Bûtefjild, ien fan de behear gebietenfan it kollektyf Noardlike Fryske Wâlden.

 

As elk der is fertelt Pyt wat op it programme stiet foar de kommende twa oeren. De te rinnen tocht fan 4.5 km. wurdt besprutsen.

 

   
Op in grut skerm wurde foto’s sjen litten fan it Bûtefjild yn folle gloarje.

 
Sa as dizze foto, makke mei in drone, fan de plas dras fan Mts. Kloosterman - Deinum

 

 

Bram, fan Mts.Kloosterman –Deinum fertelt oer harren perselen mei greidefûgelbehear, hoe hja mei de fûgels omgeane op harren lân en dat hja wolris lân net bewurkje om de fûgels te sparjen.

 

   
Der wurdt mei oandacht lústere nei wat Bram fertelt oer it bedriuw.

 

 

 Bram fertelt hjir oer it grutte briedsukses wat no al berikt is yn it plas dras gedielte.

 

 

Pyt fertelt noch wat oer de greidefûgels en harren predatoaren; de rôfbisten wêr’t hja san lêst fan hawwe. Mar fanwege it bioferskaat hearre se der ek by.

 

    
Nei ôfrin fan de dia presintaasje wurdt alles yn’t wurk setten om sa gau mooglik it fjild yn te gean. It waar kin net better en elk hat der nocht oan.

 

      
Yn optocht giet de groep, foar it grutste part, oer de perselen fan Mts. Kloosterman- Deinum.

 

     
Ien moat de lêste wêze, yn dit gefal hikkesluter Catrinus. Oars naait it fee de dyk út.

 

     
De fotograaf giet net mei, hy hie oare ferplichtings. Mar ûnderweis wurde wol foto's makke troch Ytsje Zeinstra fan de Vereniging Noardlike Fryske Wâlden. Dat binne de ûndersteande  6 foto's.

 

 

Underweis nei de Plas Dras fan de Mts.Kloosterman mei de noadige útliz der oer.

 

 

De Plas Dras, it splis setten fan in stik lân om de jonge fûgels rêst en iten te jaan. Op de eftergrûn de sinnepomp om it wetter op peil te hâlden.

 

 

As kaam der elke dei in ekskurzje lâns, dizze kij jouwe nearne om.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Under weis nei in greppel Plas Dras, derby binne allinne de greppels fol setten mei wetter en is der mear slyk foar de fûgels om wjirms te sykjen. Op de efter grûn Readtsjerk en de Trynwâlden.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hjir wienen fan boppe ôf de fûgels te besjen yn Hessel Boersma syn pronkje, de greppel Plas Dras ek mei in sinne pomp op peil hâlden. Mei de kiker der by wienen hjir ek jonge fûgels te sjen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hjir en der yn in mozayk fan perselen gerslân, mei as sûnder behear, mei in Plas Dras net ûntbrekke. It lûkt in protte fûgels.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Vanmorgen werd bij Maatschap Kloosterman - Deinum in het Bûtefjild bij Feanwâlden een weidevogel excursie georganiseerd. In het kader van de Nationale Vogelweek kwamen ruim 14 mensen samen om meer te leren over weidevogels in de Noardlike Fryske Wâlden. In het land van de Maatschap zitten ruim 40 nesten van weidevogels als grutto’s, kieviten, scholeksters en een tureluur. De excursie werd verzorgd door Pyt van de Polder, beheerregisseur in het gebied. Deelnemers stelden vooral veel vragen over weidevogelbeheer en predatie.
Een geslaagde ochtend!

 

De ekskurzje is trije kertier útrûn. In protte fragen hâlden it petear geande en faak stilstean om nei de  fûgels te sjen. En dêr gie it ek om!

Mei tank oan:

Mts. Kloosterman –Deinum, foar de gastfrije ûntfangst.

Hans Dijkstra foar de luchtfoto’s. Makken mei in drone en foar it meitsjen fan de dia presintaasje.

Jaap Posthumus: foar de tastemming om oer syn lân te gean.

De Noardlike Fryske Wâlden : om dit yn gearwurking mei Vogelbescherming Nederland  mooglik te meisjen.

 

Foto’s ; Hans Dijkstra

              Ytsje Zeinstra (NFW)

Tekst; Pyt fan de Polder