Algemiene ledengearkomste by It Wapen fan Fryslân
Der wie in grutte opkomst fan leden en it wie in tige slagge jûn.
Betty Kooistra sit mei Marten van Dalen fol bewondering te sjen nei de edukaasje video van de Fûgelwacht Trynwâlden, bedoeld om der mei by de skoallen langs te gean en de bern wat te belûken yn de natuer ofsa ........ ( ek nijskjirrig ? klik op video )
Betty sil ús letter wat fertelle oer de natoer: it jier rûn
Der waarden troch de foarsitter oarkondes útrikt foar it fienen fan de earste ljipaaien . Dat wienen Jorn Sikma fan de jeugd en syn heit Age foar de folwoeksen neisoargers.
De kofje en koeke fan it Wapen fan Fryslan smakke bêst..
De ponghâlder brukt it skoft fansels om syn lotten oan de man te bringen. Ek dat slagge tige.
De measte beurskes giene oer de kop en de grutte hannen fan Gert Jan wiene hast te lyts.
It hiele bestjoer is bot dwaande mei de prizen en de opbringsten.
Henk Minkes tovert it iene nei it oare nûmmer út de einekoer, dy't makke wurden is troch Jan Faber en ynbrocht is foar de ferlotting.
De lêste priis fan de jûn is altyd dy moaie einekoer makke troch Rypke Glas út Mûnein en lid fan de einekoer klub De Strampel.
Meer witte fan Fryske Feriening fan Einekoerflechters De Strampel klik hjir
En in nij lid fan it Healburd, foar it earst op ús gearkomste, krieget dizze haadpriis. Sa te sjen wy hy der tige mei ynnaam.
Betty Kooistra nimt ûs mei troch harren natoer kuiers en lit fan alles op it wite doek foarby komme.
Hiele moaie foto's en faaks in moai ferhaal der by sa as bygelyks oer de poddestuollen: Jo kinne se yn elk gefal ien kear ite.
(Net dwaan fansels)
It wie in noflike en learsume jûn.
Foto's: Hans Dijkstra
Tekst: Pyt van de Polder en Hans Dijkstra
Wolle jo ek lid wurde fan de Fûgelwacht Trynwâlden ?
Dat kin foar grutte minsken min. 7,50 euro en de bern min. 4,00 euro.
Folje jo namme yn it formulier en jo krije berjocht.