Sinnehonk mei te ringjen.
Flak foar de grutte fakânsje hawwe wy 3 jonge goudûlen (kerkuil) ringe by Bonne en Hannie yn Readtsjerk.
Der wienen de bern fan IBS Sinnehonk by en hja fûnen it tige ynteresant.
As dank krigen Johan en ik in hiele moaie tekening.
Bonne en Hannie: tige tank foar de ûntfangst.
Johan mei in jonge ûle en bern lykas âlders alle oandacht.
De tafel mei in jonge ûle en de tas mei noch twa ûlen der yn.
Pyt mijit it flerkje op fan in jonge ûle.
Heech op it bynt stiet de nestkast fan de ûlen. De tas mei de ûlen yn de hân.
Goudûlen loslitte.
Op freed 10 april hawwe in pear leden fan de Fûgelwacht Trynwâlden
en in pear bern dy’t spontaan meikamen, 4 goudûlen (kerkuil) loslitten.
Dizze ûlen sieten yn de opfang fan de Fûgelhelling en wiene wer klear foar de
twadde kâns yn frijheid.
Hja seagen der goed út en der binne mûzen genôch.
In leske oer greidefûgels
Op alle legere skoallen yn de Trynwâlden krije de bern fan groep 7 en 8 in teory leske oer de greidefûgels.
Letter geane de bern it fjild yn om de fûgels en harren biotoop te besjen.
Groep 6, 7 en 8 fan de legere skoalle It Kruired yn Mûnein.
Fûgelhokje tiid
Noch te keap, nestkastkes foar blokmies (koolmees)
en blauwmies (pimpelmees)
It kin noch wat de tiid oanbelanget, in hokje ophingje foar de fûgels.
Mei sa’n heak yn de beam kin it hokje maklik nei ûnderen helle wurde
om fan binnen skjin te meitsjen.
Sa ienfâldich kin it.
En sa maklik giet it ek om in foto te meitsjen.
Mei de kont op wat rûchte de boel op de side sjen te kreien.