Wer in ûle by it keunsnêst ?
Dit sjugge jo net faak, sa midden op 'e dei troch it finster, in hoarnûle by syn takomstich briedplak.
Daliks in ôfspraak makke mei de ûleman fan de fûgelwacht trynwâlden en de ljedder klear setten.
Saterje middei de loft yn, it is moai rêstig waar en in snoeiskjrre yn de bûse, it sit samar wer in meter as sân heech.
De hedera moat wat ynkoart wurde om de hoarnûle de kâns te jaan it nêst goed oanfleane te kinnen.
It sjucht der wer netsjes út, moai ferskûlle yn de foarke fan dizze grauwe beam oan de râne fan it lân.
Der binne op ' t stuit net in soad ûlen yn de Trynwâlden, ek omdat de mûzen populaasje net al te grut is.
Wat soe it moai wêze foar els dat it slachje soe.
Pyt van de Polder