U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Klyster hat hobbyboer te pakken.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Under de moterkap fan dizze âlde trekker út 1964 sit in klysternêst.

En dus kin der neat barre mei dizze krêftpatser.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Mem wachtet yn de bjirk en sjucht om har hinne as it fertrout is om de jongen in wjirm te bringen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Hoeden komt hja tichterby, gjin minsken, katten en houteksters yn de buert?

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Dan kin it wol wurde. Noch ien spronkje fan de stjoerstange nei it moterblok en hja is by de jongen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Der leit it jonge guod.  Fjouwer heal neakene piken fan sa'n oardel wike âld.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 It liket wol dat der oan ien teantsje gjin neil sit. As soe dat noch komme moatte ?

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De fjouwer jouwe harren moai del. Mar gau de kap der oer hinne sa dat mem wer mei iten komme kin.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dat hawwe jo as in hiem net al te krekt opromme is. Dat jout de fûgels in kâns op in moai nêst plak.

Mear minsken soene der sa wat mear mei omgean moatte.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 Sa as yn dizze mei Hedera begroeide kachelhout opslach. In pracht plak foar lytse sjongerkes.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Of dizze bult stienen  mei moaie tusken romten ûnder de pallets. Yn de briedtiid kin hjir neat
opromme wurde sûnder earst goed te sjen as der ek earne nêsten sitte.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dit protsje dakpannen nûget ek út ta nesteljen. Geskikt foar readboarstkes, dy hawwe it nêst
faaks net sa heech.  Dus, as jo  ek san soarte fan tún hawwe, hâld dan goed de fûgels yn de gaten.
Hja kinne oeral in nêst mei aaien as jongen hawwe en  briede faaks twa kear!

 

Foto's:  Hâns Dijkstra

Tekst:   Pyt van de Polder