Maitiidsgearkomste 2017 yn Stania State
Els siket in plakje om efkes by te praten oer it wol as net wêzen fan de fûgels.
Max, Douwe en Klaas Noordenbos hawwe it ek earne oer. De ljippen ? As de moskjes út de Oare Wâlden?
De aginde fan de gearkomste wie flot ôfhannele en yn't skoft, foar de presintaasje, earst mar ris wat drinke en lotten ferkeapje.
Nei it skoft waard útein setten mei de presintaasje oer de skries troch Jos Hooimeijer.
Sa te sjen hawwe de Fabers heech ynsetten op de rûm oanwêzige prizen.
De foarsitter hat it lot fan de keapers yn hannen én yn de einekoer, makke en oanbean troch Jan Faber.
Gert Jan en Geert bringe de prizen nei de winners ta, der wie al aardich regaat yn makke.
Dizze priis, in einekoer makke en oanbean troch Rypke Glas út Munein, is foar Otto Banga.
Rypke is lid fan einkoer klup De Strampel en kin omraak einekoer flechtsje. Hjir links op de foto dwaande mei in koer.
Meer witte fan de Fryske Feriening fan Einekoerflechters klik op dizze link De Strampel
De prizen binne wol aardich yn de seal ferdield en de lêste priis, de einekoer fan Jan Faber, giet nei Wiepy Mosselaar.
Nei it skoft giet Jos Hooimeijer troch mei it nijsgjirrige en toch ek wol wat trieste ferhaal oer de ûntwikkeling fan de skries.
Jos kin it hiel dúdlik oerbringe mar it is sa at it is. It giet net goed mei de fûgel op 'e lange doer as der neat feroaret.
De foarsitter betanket Jos foar syn bydrage oan dizze jûn mei in learsume presintaasje oer de Kening fan de Greide ......
It wie in tige slagge gearkomste mei in opkomst fan san 45 persoanen.
teksten : Pyt van de Polder
foto's : Hans Dijkstra