U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Striid om de mûzen

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Faak is yn de winterperioade wol oan de rôffûgels te sjen, wer’t in protte mûzen sitte.
Op in stik greide, wer’t rigers, mûzebiters, hoanskrobbers en wikeltsjes warber binne, sitte ek seker in protte mûzen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De ôfrûne winter wiene tusken al die rôffûgels ek op ferskate plakken fjildûlen oant jeien.
It is in fantastysk gesicht as dizze fûgels mei har machtige wjukslach oer it fjild skeare.
As der sa folle kapers op de kust binne, kin it hast net oars of it wurdt bargebiten.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



De fjildûlen litte har faak de mûzen ôfpakke troch de oare rôffûgels. 
Faak bard it dat, as in ûle in mûske te pakken hat, de blauwe hoanskrobber der as de wjerljocht by is.
De ûle wurdt dan opjage en yn de loft ûntstiet in gefjocht om de proai.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Bytiden flogge de mûzen troch de loft. Meastal moat de ûle dan belies jaan.
Sa wie der oan de Rhaladyk in wikeltsje, dat sels hast net mear jage, mar gewoan siet te wachtsjen
oant de fjildûle wer in mûs hie om dy dan dernei  yn de loft ôf te pakken.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Frjemd dat de folle gruttere fjildûle him de proai sa maklik ôfpakke lit.
Mar it docht wol bliken dat de fjildûlen treflike jagers binne. Sjoch bygeande plaatsjes.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Sa kom je wol wat sneu fan it itten ôf.