Swellen yn de Trynwâlden.
Understeande swellen komme foar by ús yn de Trynwâlden.
Boereswel (boerenzwaluw)
Boereswel Flecht fan boereswel
Sels makke nêst. Keunstnêst foar boereswel
Fjouwer jonge hongerige bekjes en mar ien mich.
Wytgat swel (huiszwaluw)
Wytgatswel Flecht fan wytgatswel
Sels makke nêsten.
Keunstnêst foar wytgatswel.
Toerswel (gierzwaluw)
Flecht fan de toerswel
Sittend op in tried (as de fûgel wer fleanen giet lit er him
earst in stikje falle)
Natoerlik nêstplak ûnder âlde dakpannen Oanpast nêst mei nijere dakpannen.
(Binne der hast net mear)
Keunstnêsten; Hja kinne goed, krekt as oare swellen, yn koloany briede.
As in toerswel ien kear op de grûn sit komt hy net sels wer omheech troch syn koarte poatsjes.
De fûgel hat hiele koarte poatsjes mei in sterke grip.
It kommende jier wolle wy mear swelle briedplakken en nêsten yn de Trynwâlden yn kaart bringe.
Derom hawwe wy frijwilligers tared fûn om troch de doarpen te gean en de plakken fest te lizzen
yn it BFVW registraasje systeem.
Hawwe jo swellen thús of yn de buert, dan wolle wy dat graach witte.
Sjuch foar mear ynformaasje yn de maaitiidsfjildrop op dizze side.
As nim kontakt op fia educatie@fugelwacht-trynwalden.nl