U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 

Hoarnûlen telle yn de Mûnein.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 
Op sneon 25 jannewaris hawwe wy de twadde telling fan de hoarnûlen yn de Mûnein dien.

 

 

 


Oan de stront en spuiballen is te sjen dat der noch genôch yn sitte. De earste kear telden wy 71.

 

 


Jeugdlid Jorn en syn mem woenen wol helpe te tellen. De ûlen sitte no yn twa beammen en dan moatte der ek
mear tellers komme. Wy binne der klear foar.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Albert Visser komt der by as fjirde teller en dan kin it heve, mei twa minsken de beam moat it slachje.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Der sitte al in pear oan de bûtenkant fan de beam, noch wat te sloechjen. Klear om der aanst út te fleanen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dizze hat de sliep al goed út en is al út de roestbeam wei nei in oare beam flein.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Dizze sil wol tinke; dêr hast wer ien mei in fototastel

 

 


Mar dan spotte der samar mear as 3 ûlen yn ien kear út de beam. Dêr koe de fotograaf noch krekt trije fan fêstlizze.
Dan wurdt it tellen neat mear en meitsje wy der in skatting fan.

 

 


Nei it massale útfleanen kamen der likegût noch wol 20 út. Yn de oare beam sieten ek sa'n de 24. Dan komme wy mei
tusken de 75 en 80 wol yn de buert fan de earste telling. Elke kear wer moai om te sjen en spannend hoefolle der yn
sitte kinne.

 

Foto's: Hâns Dijkstra
Tekst: Pyt fan de Polder