U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 

In Wapseglee (wespendief)

Op 25 augustus, om 16.00 oere hinne hat Kees de Vries by Gytsjerk in wapseglee fleanen sjoen.

Dizze fûgel gie rjochting Oentsjerk/Readtsjerk

 

It ôfrûne wykein (16 aug) kaam ik op it ruterpaad tusken Aldtsjerk en Readtsjerk in útgroeven ealjebijsnêst (wespennest) tsjin.

Dat koe mar ien bist dien hawwe; de Wapseglee ek wol wespebiter (wespendief) neamd.

Liket op de Mûzebiter (buizerd) mar is famylje fan de Hauk (havik).

De langere kop, de banen yn de sturt en de flakke flerken yn de flecht jouwe de ferskillen mei de Mûzebiter. Libbet fan huning? en larven fan wylde bijesoarten. De flecht is wat hastiger as fan de mûzebiter.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Utgroeven ealjebij nêst.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Leech fretten larveskiif.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Grutte gaos.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wapseglee   (foto internet)

 

 

 

Op tongersdei 23 april kaam in melding binnen fan Klaas Jenze van der Veen

fan de Aldemiedwei út Aldtsjerk.

It giet om de Hûpe (hop), trochtrekker benammen yn april en maaie.

 

 

 

 

 

 

foto makke troch Klaas Jenze.

 

Op tiisdei 21 april hat Corrie Brandsma oan de Jelte Binneswei yn Mûnein de draainekke (draaihals) sjoen.

De draainekke is simmergast en trochtrekker en is famylje fan de spjochten.

 

 

 

 

 

Op woansdei 8 april, tusken 19.00 en 20.00 wie de Reade glee (rode wouw) te sjen boppe Stania State en de bosken fan Turkije en Grikelân.

Der wienen twa en hja draaiden rûntsjes boppe de bosken, op syk nei in sliepbeam?

Wy koene net gewaar wurde wêr't hja bedarre binne. Wol moai om te sjen.

Kees de Vries en Pyt van de Polder

 

 

 

 

 

 

reade glee